Prinses Pompebledsje – Barbara de Ruiter

De kening en keninginne krije fan Fee Foekje in kado omdat se har holpen ha. In prachtige pearel dêr’t in ferrassing yn sit. Mar de pearel wurdt stellen… Wat soe deryn sitten ha? En wêr is de pearel bedarre?
Wy binne mei ús famke nei de boek presentaasje by de Afûk west. In hiele belevenis! It is net allinnich in leuk ferhaal, it binne foaral de printen dy’t it in prachtich boek meitsje, dêrtroch begjint it ferhaal te libjen en kinne bern it aventoer hielendal folgje. It is in fleurich boek dy hjirre thús faaks wurdt foarlezen.
Print de kleurplaat uit die bij het boek hoort! kleurplaat-Prinses-Pompebledsje.pdf (heitenmem.nl)